Aksje Watervlo fan start
Jongerein dy't mei boatsjes oerlêst feroarsaket, wurdt dizze simmer hurd oanpakt. Moandei begjint op 11 plakken de aksje Watervlo fan de plysje. De provinsje betocht de aksje nei in soad klachten oer jongerein op it wetter.
De plysje nimt by oertredingen de skroef fan de bûtenboardmotor yn beslach. Wurdt in oertreder wer pakt, dan is er mooglik de boat kwyt.