Team tsjin streuperij wurket net

29 jun 2002 - 00:00

It team dat fiskstreuperij op it Fryske binnenwetter foarkomme moat, wurket net mear. Dat seit it Frysk Bûn foar Binnenfiskers. It team waard yn jannewaris oprjochte troch de plysje en de Algemiene Ynspeksjetsjinst (AID).

Der soene net genôch minsken wêze om foar it team te wurkjen. De Twadde Keamer-fraksje fan it CDA hat fragen hjiroer steld oan de steatssekretaris.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)