André Roosenburg ferstoarn

© Omrop Fryslân
Ald-fuotballer en -keatser André Roosenburg is yn syn wenplak Harns ferstoarn. Syn keatskarriêre wie koart mar opmerklik. Binnen 6 jier wûn er de Freule, de Jong Nederlân, de Bûnspartij en de PC, it saneamde Klaverke Fjouwer.
Yn 1976 gong er oer op fuotbaljen. Hy wie semi-prof by Cambuur. Roosenburg wie al in skoft slim siik. Hy is 51 jier wurden en wurdt tiisdei kremearre.