Lemmer op de lappen

© Omrop Fryslân
'Lemmer op de lappen' fan freed wie ien fan de hichtepunten fan Fryslân Fart. Op seilen fan skippen waarden âlde filmbylden projekteare.
Wettersportevenemint Fryslân Fart sit der hast op. Sneon is de lêste dei. Freed kamen de skippen op 'e Lemmer oan. Njonken de film wie der ek in fakkeloptocht. It skûtsjesilen gie fanwege de hurde wyn net troch.