Nije Frysktalige film

29 jun 2002 - 00:00

Der komt in nije Fryske film mei as titel 'Sportman fan de Ieu'. It wurdt in Frysktalige komeedzje oer iene Teake Jongsma dy't it rekord pealsitten fan 500 dagen ferbrekke wol. Dat besiket er fan syn 14e oant syn 90e libbensjier.

De film is ek in oade oan de Fryske koppigens en it lânskip. Produsint is Emjay Rechsteiner. Ennio Morricone is frege om de muzyk te skriuwen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)