Nij opfanghûs Asja iepene

28 jun 2002 - 00:00

It nije opfanghûs fan Asja is freed iepene yn Ljouwert. Asja fangt jonge famkes op, dy't troch saneamde loverboys ronsele binne foar prostitúsje en der no út stappe wolle.

It tal bêden fan it ienige opfanghûs yn Nederlân is no ferdûbele. Njonken in opfanghûs wol Asja ek in kennissintrum om ûnderfinings út te wikseljen. Asja wurdt subsidiearre troch it Ryk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)