Bustocht lâns ûnsjogge gebouwen

© Omrop Fryslân
In bustocht by de grouwélichste hûzen en keunstwurken fan Fryslân del. Dat barde freed. De tocht wie organisearre troch Huub Mous, direkteur fan Keunstwurk yn Ljouwert en arsjitektuer- kritikus Peter Karstkarel.
Sa'n 40 minsken diene mei oan de tocht. Op ûnsjogge gebouwen waard in sticker plakt. Dêr wiene se net oeral bliid mei. Yn Burdaard waard protestearre.