Nijbou Drachtster asyl fertrage
It biste-asyl fan Drachten sit op it stuit yn in tydlik ûnderkommen yn Beetstersweach. De nijbou fan it biste- asyl duorret langer as ferwachte. Dat hat û.o. te krijen mei de boustaking.
It nije asyl sil pas oan it ein fan it jier klear wêze. Krekt yn de simmer- fakânsje binne der in soad swalkkatten en -hûnen. De hûnen wurde no opfongen yn it biste-asyl yn Ljouwert.