Feemerk gau oanpasse foar 1 july

28 jun 2002 - 00:00

Feehannelers binne freed oan it wurk gien mei de needsaaklike ferbouwings oan de Ljouwerter feemerk. Sawat 20 man binne dwaande mei de oanpassings dy't minister Brinkhorst fan Lânbou easke hat.

Foar moandei 1 july moat de feemerk oan alle regels foldwaan. De RVV, de Rijks- dienst voor Vee en Vlees, komt dan om alles te kontrolearjen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)