Ernst op wei nei grutmasterskip
Sipke Ernst fan Damwâld hat freed by it NK Skaken yn Ljouwert in grutmaster- resultaat helle. Nei acht partijen hat Ernst no fiif punten. Hy is de earste Fryske skaker mei in grutmaster- resultaat. As Ernst yn noch twa toernoaien itselde resultaat hellet, mei er him grutmaster neame. Der moat noch ien ronde spile wurde yn it NK Skaken.