Friesland Vaart bliuwt lizzen

© Omrop Fryslân
De trije-hûndert boaten fan Friesland Vaart bliuwe freed yn Balk en Sleat lizzen. De organisaasje fynt it fanwege it minne waar net ferantwurde om de dielnimmers it wetter op te stjoeren. De aktiviteiten yn 'e doarpen geane wol gewoan troch. De farrende dielnimmers wurde dêr no mei de bus hinne brocht. De boaten sille no sneontemoarn betiid nei De Lemmer ta farre.