Bereiningsferbod y.f.m. brúnrot

27 jun 2002 - 00:00

Der is tongersdei in offisjeel ferbod op it bereinen ôfkundige. Dat hat de Plantesyktekundige Tsjinst bekend makke. Troch it bereinen mei sleatwetter kin brúnrot ferspraat wurde.

Yn in grut gebiet yn noardwest-Fryslân is al brúnrot yn it wetter fûn. As dat yn de ierappels telâne komt, betsjut dat in ramp foar de boeren. Al de setters wurde dan ûnbrûkber.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)