Ferkearsmaatregel Skiermûntseach
Skiermûntseach nimt maatregels om de ferkearsfeiligens op it eilân te ferbetterjen. Ut ûndersyk hat bliken dien dat der yn trochsnee sa'n fiif ûngelokken yn 't jier plakfine. Dat is like folle as it gemiddelde oan 'e wâl.
Ferskil is wol dat it tal ûngelokken mei letsel op it eilân grutter is. De situaasje op en by de diken sil oanpast wurde.