'Endosuites' primeur foar MCL

© Omrop Fryslân
As earste sikehûs yn Nederlân krijt it MCL yn Ljouwert fjouwer 'endosuites'. Dat binne operaasjekeamers foar kijkoperaasjes.
Mei de nije keamers kinne mear operaasjes dien wurde. Boppedat kin de sjirurch alle medyske apparatuer mei syn stim betsjinje. Neffens in rûzing kin mei de nije wurkwize sa'n fyftjin prosint operaasjes mear dien wurde.