Aldwâld wol doarpshûs
Aldwâld hat tiisdei by boargemaster Bilker in fersyk yntsjinne foar in doarpshûs. De plannen foar de takomst binne ferwurde yn in doarpsfizy, ta stân kommen nei in enkête. Aldwâld is it iennige doarp yn 'e gemeente Kollumerlân sûnder doarpshûs.
De doarpsfizy rint oant 2012. Oare winsken binne mear plysjetafersjoch, parkearplakken en senioarewenten.