'Pompeblêdbibel' op de merk
Utjouwerij Jongbloed fan It Hearrenfean komt mei in 'pompeblêdbibel'. De Frysktalige bibel hat in blauwe omslach yn 'blyndruk', mei in pompeblêd derop.
De útjefte befettet de Fryske oersetting út 1978. It giet om de earste ynterkonfesjonele bibeloersetting yn Nederlân. Dy útjefte hat de fertalingen út 1933 en 1943 ferfongen.