Frou op slach dea by botsing

25 jun 2002 - 00:00

In 24-jierrige frou út Damwâld is by in ferkearsûngelok om it libben kommen. Se ried tiisdeitemoarn mei de auto by Rinsumageast en botste op in oare wein. Neffens tsjûgen kaam dy auto op de linkerhelte by it ynheljen.

De bestjoerder fan dy auto, in frou fan 27 jier út Dokkum, is yn kritike tastân mei de traumahelikopter nei it sikehûs yn Grins oerbrocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)