'Berging moat profesjoneel'

25 jun 2002 - 00:00

Bergingsbedriuwen moatte in eigen brânzje-organisaasje ha. Dat fynt Smit fan it bedriuw Noordgat op Skylge. De lêste jierren geane partikulieren faak de see op om te sjen oft skippen yn swier waar sitte. Neffens Smit ha dy net geskikt materiaal foar it wurk.

Moandei woe in man mei in rubberboat fan in ton in oare boat fan fjouwer ton loskrije. Dat is te gefaarlik seit Smit.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)