'Foegje lytse húskes byinoar'

09 mrt 2012 - 10:32

Sloop fan fertutearze huzen en it gearfoegjen fan besteande lytsere hûskes soe de leefberheid yn fjouwer doarpen yn Dongeradiel ten goede komme. Dat docht bliken út ûndersyk fan de Rykstsjinst foar Kultureel Erfgoed. Dy hat besjoen hoe't de beskerme doarpsgesichten fan Holwert, Mitselwier, Ie en Peazens-Moddergat fersterke wurde kinne, sadat minsken net mear fuortgean.

De fjouwer doarpen ha bot lêst fan de krimp. As de huzen yn de doarpskearnen by de tiid brocht wurde, bliuwe se oantreklik genôch foar minsken om wenjen te bliuwen.

It rapport fan de ûndersikers wurdt ynkoarten bepraat troch de ried fan Dongeradiel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)