Hans Wiegel makket filmdebút

25 jun 2002 - 00:00

Hans Wiegel makket syn debút yn in spylfilm. Dat is yn de Frysktalige Kameleonfilm fan studinteferiening Bernlef. De âld-Kommissaris fan de Keninginne fan Fryslân spilet de boargemaster. Hy hat spesjaal foar de film syn Frysk byspikere.

De opnames mei Wiegel wienen tiisdei yn Dokkum. Yn de film spilet ek Ids Postma mei. Hy is gewoan himsels.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)