Ljouwerterein hâldt krûmme brêge

25 jun 2002 - 00:00

Oer it Ljouwerterein yn Frjentsjer komt dochs in krûmme brêge. De gemeente en de Freonen fan de stêd Frjentsjer binne it dêroer iens wurden.

De gemeente woe de âlde rûnige brêge ferfange troch in plattenien. De feriening spande dêrop in rjochtsaak oan. Dy wurdt no net fierder trochset en de gemeente betellet de proseskosten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)