Ungelok nei foarbyriden file

24 jun 2002 - 00:00

By in ûngelok by de rotonde fan De Jouwer is moandei in man ferwûne rekke. De man kaam mei de auto út de rjochting fan De Lemmer en passearre mei hege snelheid de file troch oer de fluchtstrook te riden.

Doe't de man by it ferkearsplein ynfoege woe, botste er achter op in oare auto. Hy is mei ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)