Ljouwert wol portret Van Maaren

© Omrop Fryslân
Ljouwert wol in portret skilderje litte fan de mei spul fuortgiene Loeki van Maaren. It is tradysje dat de gemeente Ljouwert in portret meitsje lit fan in âld-boargemaster.
Van Maaren wit noch net oft se meiwurket. Se is noch net frege. Van Maaren waard ein ferline jier twongen ûntslach te nimmen. Har fuortgean brocht nochal wat reboelje mei.