Hylke en Sytze net prinsipieel?

© Omrop Fryslân
De twilling fan de Fryske Kameleonfilm docht mei yn de Nederlânsktalige ferzje fan regisseur Steven de Jong. Se hoege gjin Nederlânsk te praten, want it giet om in figuranterol.
De twa spylje de haadrol yn 'e film fan studinteferiening Bernlef yn Grins. Dy harren Frysktalige Kameleonfilm is in protest tsjin de folslein Hollânsktalige film fan De Jong.