Oerol 2002: 'ryk oan besikers'
Oerol 2002 kin nei tsien dagen de balâns opmeitsje. De 21e edysje fan it festival op Skylge luts in fiiftûzen besikers mear as ferline jier. Rûchwei 55.000 keunstleafhawwers kamen nei it Waadeilân. Der binne goed 70.000 kaartsjes ferkocht.
Takom jier rjochtet it festival him mear op dûns. It tema is dan 'Een bewogen horizon'.