Sneon mear dielnimmers foar race

© Omrop Fryslân
De strjitrace op de airstrip yn Drachten hat sneon wat mear dielnimmers lutsen as freed. Doe diene der sawat 25 auto's mei, no wiene dat der trije kear safolle.
Boargemaster van der Zaag fan Smellingerlân is hiel tefreden oer it ferrin fan de races. Krekt as freed wiene der sneon gjin ynsidinten. Der kamen 7000 besikers op de race ôf.