Lytse sweeftrein yn spoarmuseum
Yn it nasjonaal Modelspoarmuseum yn Snits is sûnt koart in model fan de sweeftrein te sjen. It giet om in skaalmodel fan 59 sentimeter lang, dat 87 kear sa lyts is as de echte sweeftrein.
Mei it model wol it museum omtinken jaan oan de diskusje oer de sweeftrein. Meikoarten moatte de provinsjebestjoerders in beslút nimme oer de sweeftrein.