Fernielerij op keunstrûte Oerol

© Omrop Fryslân
De byldzjende keunstrûte op Oerol hat dit jier in soad te lijen fan fernielerij en stellerij. Benammen it keunstnerskollektyf Vers Bloed is de dupe fan de fernielings.
De rûte rint troch de dunen by it strân en duorret in heal oere. Ferskate skilderijen binne fernield en der is in foto fan 2 by 2 meter stellen. Der is al oanjefte dien by de plysje.