Leppehiem wol servicepunten
It Akkrumer fersoargingstehûs Leppehiem wol mooglik servicepunten iepenje yn doarpen om Akkrum hinne. Dêrmei hopet Leppehiem wat te dwaan oan de ûngewoan lange wachtlisten.
Der wachtsje 45 minsken op in plakje yn it fersoargingstehûs en 150 steane op 'e list foar in oanleunwente. Der binne ek plannen foar nijbou yn de doarpen.