Foto's ryksargyf online set

© Omrop Fryslân
Kultuerdeputearre Bertus Mulder hat freed de digitale fotokolleksje fan it ryksargyf online set. In protte âlderen meitsje gebrûk fan it ryksargyf. Dy meitsje ek hieltyd mear gebrûk fan 'e website fan it ryksargyf.
It ryksargyf sil meikoarten fusearje mei de PB en it FLMD. It is it doel dat dan de kolleksjes fan 'e trije ynstituten fia ien webadres te finen is.