FEC finansjeel yn swier waar

22 jun 2002 - 00:00

De provinsje kin definityf gjin jild stekke yn 'e wetlik ferplichte oanpassing fan 'e feemerk. Dat mei net fan Brussel. Dit betsjut dat de provinsje yn plak fan 600.000 euro no noch mar 300.000 euro bydrage kin.

It gat yn 'e begrutting is in grut probleem foar it FEC, want de opdracht foar de oanpassings is al jûn. Op termyn soe sels sluting driigje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)