Prinses Margriet iepenet farwei

© Omrop Fryslân
Prinses Margriet hat yn Strobos de fernijde farwei Lemmer-Delfsyl iepene. Dêrmei is de earste fase fan de ferromming fan de haadfarwei troch Fryslân en Grinslân ôfsluten.
Mar leafst 12 jier is der oan wurke om alles op in djipte fan 4,25 meter te krijen, sadat der gruttere skippen troch kinne. Yn de takomst moat de djipte 5 meter wurde.