Sweeftrein:Skarsterlân jout neat

© Omrop Fryslân
De gemeente Skarsterlân sil net meibetelje oan de oanlis fan it Suderseespoar. De provinsje hat de gemeente frege om in bydrage fan 1,5 miljoen euro, om't der noch in finansjeel gat is.
Skarsterlân fielt har net roppen om dit gat te tichtsjen. Ek Snits, Opsterlân en Boarnsterhim binne frege om in bydrage. It is noch net wis of se dit dogge.