Evangeelje op Wâldrock?

20 jun 2002 - 00:00

Hardrockbands dy't it evangeelje preekje binne yn de takomst faaks ek op Wâldrock te hearren. De organisaasje fan it metal-festival wol sa de buerttsjerken yn 'e mjitte komme. Dy organisearje sneon in bid- en praisejûn tsjin de kweade machten fan Wâldrock.

Tsjerken út de omkriten fan Burgum, dêr't Wâldrock hâlden wurdt, steure har al jierren oan de okkulte sjongteksten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)