Seehûnefirus berikt it Waad

19 jun 2002 - 00:00

It seehûnefirus hat no ek de seehûnen yn it Waad troffen. Op Flylân is in slachtoffer fûn fan it firus, dat op dit stuit húshâldt ûnder seehûnen by Denemarken. It bist is yntusken stoarn.

Yn 1988 soarge itselde firus foar grutte stjerte ûnder seehûnen yn Europa. Sjoen it ferpleatsingsgedrach fan de bisten waard al ferwachte dat ek no it Waad wer troffen wurde soe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)