Noch jild nedich foar spoar

© Omrop Fryslân
De provinsje wol dat mear Fryske gemeenten meibetelje oan de oanlis fan it Suderseespoar. Snits, Opsterlân en Boarnsterhim soene in taast yn de ponge dwaan moatte.
Fryslân draacht op dit stuit noch 9 miljoen te min by oan de oanlis fan it spoar. Ljouwert lûkt syn bydrage fan 15 miljoen werom as de stêd net in snelle ferbining mei it Suderseespoar krijt.