Beslút parkeargaraazje útsteld?

19 jun 2002 - 00:00

It beslút oer de parkeargaraazje ûnder it Aldehouster tsjerkhôf yn Ljouwert wurdt miskien útsteld. Wethâlder Waanders wol dat om't der tefolle krityk is op de plande yngong fan de garaazje.

Yn it plan dat der leit komt de yngong fan de garaazje oan de Hear Ivostrjitte. Hast alle partijen yn de gemeenterie binne dêr lykwols op tsjin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)