De Haan wint Ronde van Bedum
Sierk-Jan de Haan fan Dokkum hat tiisdei de Ronde van Bedum wûn. Dat is ien fan de wichtichste hurdfyts-wedstriden fan Noard-Nederlân. De 20-jierrige De Haan makke diel út fan in kopgroep fan tsien koereurs, mar koe ûntsnappe yn de lêste rûntes fan de koers.
De Haan, dy't fan Dokkum komt, wûn koartlyn noch it kritearium yn de Westerein.