Nije kânsen foar túnbou

18 jun 2002 - 00:00

It túnbougebiet by Berltsum krijt in nije kâns op stipe fan de ryksoerheid. Tiisdei makke it ministearje bekend dat wer subsydzje-oanfragen yntsjinne wurde kinne foar de ûntwikkeling fan duorsume glêstúnbou.

Mei-elkoar is 20 miljoen euro beskikber. Berltsum hat al earder in oanfraach yntsjinne foar stipe, mar dy waard net takend.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)