Passantehaven yn Aldeberkeap

18 jun 2002 - 00:00

Nei fiif jier striid om jild en fertraging troch fersmoarge grûn is tiisdei yn Aldeberkeap in begjin makke mei de oanlis fan in passantehaven.

It doarp is ûnderdiel fan de turfrûte en hat al in haventsje. Mar dat foldocht al in pear jier net mear oan de easken fan dizze tiid. In nije haven oanlizze wie sadwaande de iennichste opsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)