'Fryske keunst yn Bonnemamuseum'

18 jun 2002 - 00:00

It nije Frysk Museum op it Saailân moat mear omtinken jaan oan de Fryske keunst en kultuer. Dat sei deputearre Mulder moandei by in diskusje dy't no snein op Omrop Fryslân Televyzje te sjen is.

It museum komt ta stân mei jild fan de ferstoarne arsjitekt Abe Bonnema. Dy hat as betingst steld dat it museum op it Saailân komt. Kenners tinke dat moderne keunst de measte besikers lûkt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)