Legale strjitraces yn Drachten

© Omrop Fryslân
De earste legale strjitrace yn Drachten sil freed sa'n 160 racers lûke. Dat is alteast de ferwachting fan organisator Dutch Hot Road Association. De racers sille neffens de organisaasje komme út Dútslân, België, Ingelân en Nederlân.
Oant no ta hawwe 70 autokoereurs har opjûn foar de race, dy't hâlden wurdt op de airstrip by Drachten. Dêr sille foarearst trije races plakfine.