Drankkontrôle op Skylge
De plysje hat sneintejûn by in alkohol- kontrôle op Skylge net folle bestjoerders trappearje kinne op drankriden. Al mei al binne 35 autobetsjoerders oanhâlden.
Acht fan harren moasten blaze. In 58-jierrige man út Baaiduinen hie echt te folle drank op. Hy krige in rydferbod fan njoggen oeren en syn rydbewiis is ynnommen.