Oranje Boalsert wint konkoers
Malletband Oranje út Boalsert hat dit wykein yn Dokkum it kristlik druma-bûnskonkoers wûn. By de marsen wiene se de iennigen dy't in earste priis mei lof krige fan de sjuery.
It korps út Boalsert mei ein oktober meidwaan oan it nasjonale kampioenskip yn Zwolle. By de majorettes wûn 'Wilhelmina' út Bedum, twadde waard Oranje Dokkum.