Van Kaam wint heale maraton
René van Kaam hat sneon de heale maraton fan de Leijenrin fan De Pein wûn. Fan de start ôf wie der in kopgroep fan fiif rinners: René van Kaam, Jacob van der Leij, Dick Gelderblom, Remco Oost en Herman Lubbers.
Nei sa'n 5 km kamen Lubbers, Van der Leij en Van Kaam los fan de oare koprinners. Van Kaam demarrearre by 8 km. Syn eintiid wie 1.16,49.