Jild foar Fûgelpits net binnen

© Omrop Fryslân
De nijbou fan fûgelopfangsintrum De Fûgelpits moat hast 3 miljoen euro kostje. De wurkgroep fan De Fûgelpits dy't wurket oan it rêdingsplan fan it fûgelopfangsintrum meldet dat it bedrach noch lang net binnen is.
Nei de simmer set dêrfoar ûnder oare in grutte publykskampanje út ein om it jild by inoar te krijen. De nije Fûgelpits moat yn Dokkumer Nijesilen komme.