Agraryske Jongeren stypje aksjes

© Omrop Fryslân
De Agraryske Jongerein Fryslân stypje de hurde aksjes dy't de boeren de ôfrûne wike fierd hawwe by de suvelstakings. Se hawwe de aksjes op 'e foet folge en kinne der begryp foar opbringe.
De jongerein binne op it stuit dwaande mei in ludike aksje dy't it begjin fan 'e wike fan it plattelân ynliedet. Sa binne se in grutte pop fan strie oan it meitsjen. Dy komt lâns de A7 te stean.