Cartoon Network fan de kabel ôf

14 jun 2002 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Kabelbedriuw UPC hellet yn Fryslân de stjoerder Cartoon Network út it standertpakket. Leafhawwers fan tekenfilms kinne de stjoerder tenei allinnich noch mar krije as se in abonnemint hawwe op UPC Digital.

De muzykstjoerder MTV komt aanst yn it plak fan Cartoon Network. Foar UPC Digital is in spesjaal kastje nedich. De wiziging giet no moandei yn.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)