Warkum hat wer hoanne op tsjerke

14 jun 2002 - 00:00

Warkum hat syn hoanne werom. Dy stiet wer op de toer fan de Roomske tsjerke, de Hillige Werenfridus Tsjerke. De restauraasje fan de tsjerke hat mei inoar tolve jier duorre.

In aksjekomitee hie jild ynsammele foar de restauraasje. Der kamen freed aardich wat minsken te sjen hoe't de hoanne en it toerkrús nei acht jier wer op de tsjerke pleatst waarden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)