Aksjegroep foar fergoeding molke
In tal boeren hat tongersdei in aksje- groep oprjochte om de molke fergoede te krijen. De boeren waarden troch de suvelstaking twongen de molke fuort te smiten, om't de molkauto's net delkamen.
De boeren wolle dat Friesland Coberco Dairy Foods de finansjele skea fergoedet. De ferwachting is dat de boeren der sels foar opdraaie.